Italo-Keltyske talen

Italo-Keltyske talen
algemien
lokaasje Pontysk-Kaspyske Steppe
tal talen ±85 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers ±970 miljoen (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italo-Keltysk
subgroepen Italyske talen
Keltyske talen

De Italo-Keltyske talen binne in foarstelde klassifikaasje fan talen binnen de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dêr't de Italyske talen en de Keltyske talen by ûnderbrocht wurde moatte soene. As basis foar dy teory wurdt oanfierd dat dy beide taalgroepen beskate taalkundige skaaimerken diele soene dy't net by de oare tûken fan 'e Yndo-Jeropeeske talen foarkomme. De jildigens fan 'e Italo-Keltyske yndieling is tige kontroversjeel, mei't de measte taalkundigen fan betinken binne dat de mienskiplike taalskaaimerken fan 'e beide groepen itsij lettere parallelle ynnovaasjes binne, itsij oerbliuwsels út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske oertaal dy't yn alle oare dêrút ûntwikkele taalgroepen ferdwûn binne.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search